Wat ik sizze woe (geplaatst 18-3-2010)

 

Home  »   Columns  »   Wat ik sizze woe (geplaatst 18-3-2010)

Geplaatst op 05/10/2016

Drachten wol sa graach it spoar by de doar. Al mannich Smellingerlâns boargemaster hat der dwaande mei west. It kin dochs ek net, sa’n grutte stêd mei safolle mooglikheden. Drachten wol foarút. Al yn 1998 waard de kommisje Langman ynsteld want it Noarden moast mei yn de feart der folken. Yn 2001 soe it wêze. It pearske kabinet soarge foar de Langmanjilden. It Noarden krych de kâns om ta ûntjouwing te kommen. 2,73 miljard euro soe beskikber komme. Hiele ûndersikings binne der west om de Suderseeline fan ‘e grûn te krijen.

Yn 2003 fersteurde Mevr. Peijs it mearke fan it Noarden. It wie jild fan ferskate departeminten, yn it bysûnder fan Ferkear en Wettersteat en bestimt foar asfalt en beton en net foar in trein. In snelle Suderseetrein soe der net komme dy’t al in pear jier stie te pronken yn Drachten. It Noarden soe mei eigen finansjele middels de trein realisearre moatte. En dêr binne se no mei dwaande. De Gemeente Smellingerlân sil sels 20 miljoen opbringe moatte om in trein yn Drachten stopje te litten en dan en ek noch mar oer in inkel spoar. De boarger soe mei betelje moatte en der wie de Gemeenterie it net mei iens.

No wurdt er iverich socht nei potsjes mei jild om oan dizze ferplichting foldwaan te kinnen, mar sa it der no nei útsjocht moat de boarger 5% mear oan OZB-belesting opbringe yn 2010. En dat is noch mar it begjin. Hoefolle jierren moat de boarger yn Drachten noch bliede, want de reserves wurde no al ta in maksimum oansprutsen. No hat it altyd sa west, dat de ynfrastruktuer in saak is fan it regear en net fan de boarger.

En dan hawwe wy lêze kinnen, dat de NS oan de ministers Eurlings en Bos 1400 miljoen euro oan dividind oermeitsje om it spoar yn ‘e rânestêd ‘spoarboekleas’ yn te rjochtsjen. Kin der no net 24 miljoen foar Smellingerlân ôf om de gemeente en de boarger hjir wat temjitte te kommen?

Turfstekker

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *