‘Wat ik sizze woe’ gearchiveerd 27-4-10’

 

Home  »   Columns  »   ‘Wat ik sizze woe’ gearchiveerd 27-4-10’

Geplaatst op 28/01/2017

‘Fiifensechtich jier lyn sieten wy yn de dreechste tiid fan de oarloch 40-45. Nei de slach om Arnhem wie it ho mei de opmars fan ús befryders fan it Dútse jok en kaam der in lange tiid fan skermutselingen tusken de beide legers. Bewenners yn dy kontreien wiene de dupe. Moannen lang hawwe sy faak yn skûlkelders trochbringe moatten, wernei se by tûzenen noch ferhuzje moasten nei de noardelike provinsjes fan ús lân. Faak wie thús alles al tenein of ferrinnewearre en moasten se mei dat bytsje wat sy noch oerhienen rinnend op paad nei feiliger oarden.
Ek yn ús provinsje kamen in protte evakuees en se moasten allegearre ûnderbrocht wurde, faak mei leafde mar ek wolris mei twang en dan wie dat net altiten makIik. Myn lettere skoanmem hat dat ek witten. Sy wie de âldste út in hushâlding fan alve bern. In protte wennen yn de omjouwing en sa koe it wêze dat der sa”n tweintich minsken yn ”e hûs wiene en allegearre namen se harren bern, iten en bran mei.
De slachters yn de famylje soargen foar fleis, de kapper foar sjippe. Dernjonken wiene der trije ûnderdûkers yn ‘e hûs. Foar dizze minsken wie in skûlplak boppe inkelde kasten yn ”e keamers. Boppe wie in grut lûk en as der dan ûnferwachts in razzia wie, dan moasten sy deryn en kaam it lûk ticht en it kleed deroer. No wiene der faak bern en dy moasten har wol stil hâlde fansels, dat is harren faak dúdlik ynpipere. No kaam er yn dy tiid ek in omke út Hollân en dy sliepte op solder, mar moast yn ‘e nacht nei it húske. Hy murk it iepen lûk net op en makke der in flinke smak, dat alles wie wekker. It ienigste wat er sei wie: “allemaal geronnen bloed”.
Noch jierren dernei wie it yn ús famylje – as oer dy tiid praten waard – in husrieme útdrukking. As wy it der no noch oer hawwe dan seit myn frou faaks: “de oarloch wie oer op 5 maaie 1945, mar dat wy wer mei ús eigen gesin wiene, wie dochs it moaiste”.’,

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *