Freed 7 septimber 2018 feestlike presintaas boekTtichterby Tysjerksteradiel en muzyk

 

Home  »   Nieuws  »   Freed 7 septimber 2018 feestlike presintaas boekTtichterby Tysjerksteradiel en muzyk

Geplaatst op 27/08/2018

Freed 7 septimber 2018 Feestlike presintaasje boek

Útnûging tichter by dichter bij closer to TYTSJERKSTERADIEL TYTSJERKSTERADIEL TYTSJERKSTERADIEL

Jo binne om Freed 7 septimber 15.00 oere fan herte wolkom yn de Krústsjerke fan Burgum., Nieuwstad 5, 9251 LM Burgum. Nei inkelde koarte bydragen u.o. troch PlusNu meiwurker Gerhild van Rooij (gedicht) en it útrikken fan it earste eksimplaar sjongt Tetsje van der Kooi, sopraan, ûnder begelieding fan Jacco Lamfers, konsertpianist, in tal lieten.

Om 17 oere slute wy ôf mei in drankje en hapke. Dit boek, opfolger fan Karakteristyk Tytsjerksteradiel út 1983, mei in foaropwurd fan boargemaster Gebben, befettet fan elts fan de santjin doarpen yn Tytsjerksteradiel in doarpsbiografy, de flagge en it wapen, in folksferhaal, in fotoympresje en bydragen fan lokale skriuwers en byldzjende keunstners.

De doarpsbiografyen, eins kuiers, binne skreaun troch Jan Popkema, de ferhalen gearstald troch Douwe Kootstra en it fotowurk is fan Marcel van Kammen. De útjefte is meartalich, mei njonken it Frysk en Nederlânsk in Ingelske oersetting troch Kate Ashton, dy’t eartiids yn Fryslân wenne en no yn Skotlân.

Yn dit moai foarmjûne boek wurdt elts doarp ôfsûnderlik op ’e kaart set en it totaal weromjûn oan ’e mienskip. Wy hoopje sa it moaie en mearsidige fan Tytsjerksteradiel op ’e nij tagonklik te meitsjen, ek ynternasjonaal.

Dizze útjefte kaam ta stân yn it ramt fan LF2018 en is mei mooglik makke troch de Gemeente Tytsjerksteradiel en de Provinsje Fryslân.

De redaksje waard foarme troch Douwe Kootstra, ferhaleferteller en skriuwer; Jan Popkema fan de Stifting Karakteristyk Tytsjerksteradiel; Peter Boersma, foarmjouwer en Marcel van Kammen, fotograaf. De einredaksje wie yn hannen fan Anne Tjerk Popkema en Tryntsje van der Veer; de lêste wie inisjatyfnimster fan dit projekt.

Dizze útjefte fan Binnentún, 200 siden yn kleur, hurd kaft, sil te krijen wêze op meardere ferkeappunten yn Tytsjerksteradiel en by de einredaksje. De ferkeappriis is € 19,99.

By de presintaasje is der gelegenheid ta oankeap tsjin de spesjale priis fan € 15,99.

Ynrin 14:30 en tagong fergees.

Útnûging tichter by dichter bij closer to TYTSJERKSTERADIEL TYTSJERKSTERADIEL TYTSJERKSTERADIEL

www.binnentun.nl  www.taalburopopkema.nl www.hehallo.nl  www.karakteristyk.nl  www.douwekootstra.nl  www.momentsofnature.nl www.tytsjerksteradiel.nl  www.tetsjevanderkooi.nl  www.jaccolamfers.nl

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *